Nieuwsbrief Classis Fryslân - nr. 2026-04
Wat ha ik yn sa’n lêste nijsbrief foar de simmer noch te sizzen? Rûnom minsken dy’t mei harren koffer as kamper der op útgeane en nimmen dy’t dêr swier oan tilt. It is krekt lyk as mei de âlde sabbat: in kollektyf momint fan rêst, wat troch de ienskippelikheid dêrfan de fryheid jout om dy rêst ek te nimmen. Dat is goed en heilsum, ek yn de tsjerke. Mooglik reitsje we dêrmei sels de kearn fan it libben: it libben as jefte, noch foardat it ta in opjefte wurdt.