Zondag 8 juni 2025 - Pinksteren

Gepubliceerd op 10 juni 2025 om 21:45

Terugblik Viering zo. 8 juni 2025 in Hitsum: It hie de tsjerkeried al hiel wat kopsoargen jûn as de tsjinst wol op it keatsfjild yn Hitsum hâlden wurde koe. Mar de waargoaden wiene ús wolgefallich. Muzykkorps Wubbenus Jacobs ferwolkomme ús mei fleurige klanken en it gie oan. It wûnder fan Pinkster. It wie ek in wûnder dat wy troch ús ds. Marco Roepers yn ús eigen taal tasprutsen waarden! Hoe tapaslik. Nei Bemoediging, Groet, gebed en it sjongen fan liet 250: ‘Kom, Heilige Geest, Gij vogel Gods’, frege ds. de bern nei foaren te kommen.

Hy liet harren tekst heare en sy (en wy) moasten riede welke taal dat wie. Dat wie net sa maklik, mar Brecht riede it Ingelsk. Dernei gongen de bern nei harren eigen tsjinst. Gerrit Posthumus lies Hannelingen 2: 1-13. Weryn yn in heftige wynflaach in soart flammen as fjoer op elk fan de minsken del sette, wêr troch se fol waarden fan’e Hillige Geast. Dêr wennen yn Jeruzalem in protte minsken út alle folken op ierde en dochs koene se elkoar ferstean. Se wiene ferheard, inkelen seine, se sille wol dronken wêze! Yn inkele Pinkstergemeenten sprekke se noch wol yn tongetaal. 

Ds.: dit alles betsjut dat Gods Wurd de wrâld oer giet yn de eigen taal en sa sprekt ta ús hert. Dat wy it hearre en ferstean. Dat is it wûnder fan Pinkster mei de bedoeling dat de wurden fan de Hillige Geast goed ûntfongen wurde krekt as dizze preek yn it frysk, en dat wy dernei libje. We songen: ’Geast fan hjirboppe’. Tagelyk mei de Seine fan ds. kamen der ek spatten as seine út ’e himel. Yn it doarpshus stie de kofje klear mei lekker gebak!

Sjoukje de Boer


Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.