Terugblik Viering zo. 9 nov. 2025 in Hitsum - m.m.v. Koor Forte uit Makkum: Fryske tsjinst. Groep Forte út Makkum, welke de hiele tsjinst fersoargen. Thema It libbenspaad. Skriftlêzingen: Gen. 12:1-4a en Exodus 3:10-14. Nei Groetnis en Bemoediging, útlis fan it thema: "Wy wolle jo meinimme op reis troch it libben: dat besjut loslitte en nije útdagingen oangean, dertroch wurde wy foarme. Wy songen mei Forte: “Wêr kaam ik sûnder Jo telâne?” Tekst útsprutsen: "Wy witte net hoe ús wei troch it libben giet: it is as in Labirynt, mei God as gids. We songen: “Hear, wês myn gids”.
Tekst útsprutsen: "Yn’e bibel binne in protte minsken op reis: Abraham, de apostelen, Jozef en Maria, Paulus. Ek no gean minsken op paad: op fakansje, foar it wurk, nei skoalle, vluchtelingen: mar doe en no giet God mei.In “gebed fan insykjende” waard útsprutsen “God fan fier en hein, ús Heit”, en it gedicht fan Fedde Schurer: “Abraham op reis”, nei Gen.12:
1. Tsjoch út dyn lân, tsjoch út dyn stam sa spriek de Hear tsjin Abraham forreizgje, op myn wurd en wil nei ’t lân dat Ik dy wize sil.
6. Al moat ik steile paden oer jow my de kriich ta ’t aventûr en rjochtsje, Abraham allyk myn doel op ’t nije Keningkryk
Oertinking: "It labyrint is in metafoor foar it libbenspaad. It giet mei in omwei, soms fielt it lang, soms giet it fluch, we moatte loslitte mei moed, ôfskie nimme, mei hoop en ferlangen wer fierder gean. Yn it hert fan it labyrint kinne wy ta ynsjoch komme, wrok en skult in plak jaan, opnij dat paad werom rinne mei Jezus , it is net rjocht mar it is 1 dyk, mei fertrouwen oan Gods hân". Forte song in Ierske Seine en ús slotliet wie: “Wêrst ek wennets op diz’ierde”. It wie in bysûndere tsjinst mei moaie lieten en teksten!
Sjoukje de Boer
Reactie plaatsen
Reacties